Selecteer een pagina

De dichtbondel ‘net fiksearre hûs’. 

Wa’t de wurklikheid fêstlizze wol, dy kin dat dwaan mei bylden en taal. 

In skilderij kin kleuren en sfear fan lang lyn wer yn it sin bringe. In ferhaal kin itselde dwaan. Yn har fiifde dichtbondel docht Elske Kampen dat mei har bylden en gedichten. Se leit de wrâld om har hinne fêst. Tagelyk docht se ek wat oars. Yn har bondel net fiksearre hûs is in byld of in gedicht gjin fêststeand gegeven. 

Dat begjint al yn it earste gedicht mei de rigels: ‘Riede, ik lit de hannen riede / wa’t him oanhie foar it lêst.’ It giet om in âlde boartersbroek. Wat hat dy broek allegear meimakke? De dichter leaut ‘de fingerwizing nei it easten / net en kear my fan it finster ôf. / Meitsje ljocht en skriuw.’ 

Besteande foarwurpen krije sa in eigen libben. Wat Kampen docht is it tapassen fan de Aldgrykse bestjutting fan it wurd ‘poëzij’: meitsje en skeppe. 

It is gjin tafal dat yn dy bewegende wrâld myten in rol spylje. Myten binne ommers de ferhalen fan it oerbegjin dêr’t grinzen dizenich binne. Sa giet it gedicht ‘transformaasje’ oer in heislike myte: ‘Lida, Lena, de lichtliddige riedt er en hy wol / dyn namme witte. Tonge dêrmei boartsje litte.’ It is in nije ferzje fan Leda dy’t troch Zeus as swan ferkrêfte wurdt. Sa binne der mear gedichten mei de horror fan myten dy’t dy lyk yn it gesicht sjocht. 

Tagelyk is der ek romte foar gedichten oer de bernetiid. De toan is dêr oars yn bygelyks it gedicht: ‘Tún. Wêrom bisto hjir hurd en op / oare plakken sacht. Myn reade broek / hâldt as ik fal gjin sear fan stiennen tsjin.’ 

De kombinaasje fan gedicht mei byld ropt in eigen sfear op. Sa komt it skerpe read fan in byld werom yn it gedicht It sjongen : 

Ik kom boppe mei in mes read as 

in skieding. Read as in brêge by’t simmer oer 

de Spree. Ien kleur om de histoarje fan stêd en 

mins te witten. Ien byt naam út it gehiel. 

Sa út en troch is der wol temin lykwicht as it giet om taal en byld. Guon gedichten hawwe tefolle taal by in byld lykas by it gedicht ‘Fan alles twa’ dêr’t byld hast ferdwynt yn te lang gedicht. Dat is spitich, want op de measte plakken is dat lykwicht der wol. 

Elske Kampen hat mei net fiksearre hûs in bondel makke mei in grut palet oan kleuren, sfearen en ferhalen. In bondel ek dy’t fragen opropt oer hoe’t wy ús ferhâlde ta wat wy wurklikheid neame. Soks is allinne mar knap te neamen. 

★★★★

Albertina Soepboer