Selecteer een pagina

Klinkend gehoar jaan oan in twingend freegjen

*****

Titel: Ynbyld

Auteur: Elske Kampen

Utjouwer: Afûk. Priis: 17,50 euro (64 siden)

Elske Kampen, skilder mei wurden, is net benaud foar read, giel en blau. Yn har nijste bondel Ynbyld siket se fan kleuren de ûnderlizzende lagen. De ik yn har fersen bereizget it spektrum fan dei en nacht, waarmte en kjeld, witten en twivel. It hiele palet fan it wûndere, wankele minskebestean.

Yn it iepeningsfers – in opmjitte – ferriedt de ik dalik al har swakste plak. Hár, want de ik hat in froulike geast en wennet yn in froulik liif. ‘Inkeld yn it deiljocht en mei dyn fingerseinen / kinst fan myn hier nei nekke gean want dêr is / it machteleaze, leaver net forsearje.’ Dêr leit dwersens, sit lilkens, skûlje kalmte en huver, wachtsje friksje en langstme. Inkeld ‘dyn fingerseinen’ meie deroan komme. Leaver net skansearje ‘want dêr is it tear ferlet’ en ‘tusken hier en mûle is myn tearst gebiet’.

De trije skiften dy’t folgje binne ien klinkende ûntginning fan it geastlik lânskip fan de dichter. Warleas lânskip, mar ynwindich moedich en fitaal: ‘Sa ljocht wurd ik, sa huning-giel en ljocht / omdat de dei noch net foarby is en ik mei / earmen wiid en holle achteroer heech boppe / de soerstâlbrune râne tusken loft en lannen / driuw en sûnder gewicht en neaken / sa de pearse nacht yngean.’ Sa sintúchlik en yntins kin it libben omearme wurde.

‘Myn eigen skiednis skriuw ik’, seit Elske Kampen yn it lêste skift. ‘Soeverein fan tean / oant fingerseinen bin ik en krekt sa werklik as ik / mysels betinke kin.’ Mar wat is soeverein as tagelyk ergens op ’e wrâld tatebern stjerre yn it earste rôs, ‘as fleis fan kealtsjes dy’t amper libbe ha’. Ek dat heart in dichter mei te krijen dy’t har bondel Ynbyld neamt, fan harsels wit dat de stap nei binnen har natuerlike oanlis is.

Yn it slotfers – in neiskrift – lit de dichter har spagaat sjen. Leaver as dingen ûnder wurden bringe, soe se grave, drave, swimme. Fysike aktiviteiten, op it frijbliuwende ôf, mar ûndertusken spilet de dichtersgeast op en ‘ropt in twingend freegjen / yn my om alles wat it sjocht te neamen’. Sa ferplichtsjend is it dichterskip.

Elske Kampen har hiele bondel is in tear gebiet. Dat plak tusken hier en nekke is it terrein fan de poëzy. Dêr toant de dichter in kwetsberens dy’t fan ús allegear is, leit se troch har eigen iepenstellen minskegeheimen bleat. Fertrouwend op de fingerseinen fan de lêzer dy’t wit wat er oanreitsje mei en lizze litte moat.

EPPIE DAM